IN INKELE REIS SABEARE

is de dolkomyske famylje-teaterfoarstelling fan de hân fan skriuwer/regisseur Tjerk Kooistra De fjouwer akteurs nimme dy oardel oere mei yn in inkele reis nei Sabeare, ofwol nei harren fantasijwrâld.

It ferhaal
Meester Gysbert organissearret foar syn groep in kamp sadat sy yn de kunde komme kinne mei de nije juf Gijsje. Juf Gijsje blykt lykwols net de aardichste te wêzen. Of: der is wat mei har. Net folle letter blykt dat se op de flecht is foar in Penoza-eftige wrâld en meinamen foar har eks-man Vrolijke Frans (foar wa't neffens de berjochten sels Holleeder bang is). Yn in spannend, kluchterich komysk plot komt alles byelkoar en blykt alles oars te wêzen as at we oanfanklik tochten.

In inkele reis SABEARE is:
- In kommeedzje (mei mannich wurdboarterijke)
- In romantyske kommeedzje (mei meardere relaasjes)
- In misdiedferhaal (mei trije boeven fan kwizekwânzje)
- In musical (mei wol fiif prachtige nûmers)
- In ferhaal mei foar elk wat wols (en dêrom krekt wat foar dy)

In inkele reis Sabeare wurdt spile troch
- Anke Boersma (de selfkickerkat, solid ash, grutferlet)
- Annemiek Schuurman (paddy's lot, ferlet, iepenloftspul jorwert)
- Thijs Meester (elk sines, iepenloftspul jorwert)
- Wybo Smids (brekbere sirkel, iepenloftspul jorwert)


17 FEBREWARIS 20.00 OERE

18 FEBREWARIS 15.00 OERE

DOARSPHÛS WEIDUM

TAGONG NET LEDEN € 10,00
TAGONG BERN O/M 15 JIER € 5,00

LEDEN OEFENING EN VERMAAK MEIE DER IEN KEAR FERGEES YN